Bisto troch dyn foto’s hinne? frege immen my okkerlêsten. No nee, antwurde ik, noch net mar asto noch wat skoandere plaatsjes hast dan graach. Want it moat sein wurde, de foarried tinnet al út. Dat de frekwinsje fan ferskinen wat leger leit as yn it begjin hat foaral te krijen mei de tiid fan it jier. Simmers binne der faak oare drokten en stiet de kop alteast my net altyd nei it skaken. Fandêr.

Dizze kear binne wy wer yn it hege noarden fan ús provinsje. We skriuwe it jier 1988 en plak fan hanneling is Damwâld. De klupkampioenskippen foar de jeugd ha west en Skaakwoude wie wer wakker suksesfol. De c-jeugd waard tredde en bij de D’s waard Skaakwoude earste!

Sûnder de oaren te koart te dwaan, hat it jonkje links foaroan it alteast op skaakgebiet fierwei it fierste skopt. Jimme sille allegearre Sipke Ernst herkenne. Al jierren grutmaster en mearfâldich dielnimmer oan it ‘grutte’  NK. Sipke is neffens my noch altyd lid fan Skaakwoude en altyd as dêr wat te fieren falt – en dat is wol gauris sa- dan is Sipke net te beroerd om op te draven foar bygelyks in simultaan.

It heucht my noch dat Sipke -doe’t er sa’n jonkje wie- mei die oan hast alle skaakeveneminten dy’t rûnom yn ús provinsje organisearre waarden. In famyljelid -ik tocht syn omke- wie dan altyd syn sjauffeur. De man fertsjinnet -fyn ik- it eare-lidmaatskap fan de KNSB, want wat hat hy in tiid stutsen yn de skaakkarriêre fan Sipke! Neffens my skaakte hy sels net mar hy hong wol de godgânske dei yn en by de toernoaiseal om. Der binne net folle omkes dy’t dat der foar oer ha. Sels haw ik bygelyks ek in neefke dat wol aardich skake koe. Hij skopte it sels ta Frysk kampioen by de B-junioaren, mar it heucht my net dat ik ea in mingel benzine ferrieden ha om him oeral yn de provinsje efter it boerd te krijen. Faaks hie dat wol moatten. Wa sil it sizze. Mar nochris sjappo foar de omke fan Sipke!

De namen fan de oare minsken op de foto: Steande fanôf links Fokke de Haan (jeugdlieder), Jan Schingenga, Fokke Harm Koster, Adriaan van Loo, Henk Corporaal, Siebren kooistra en H. van der Heide (jeugdlieder) Op ‘e stuollen foaroan sitte Sipke Ernst, Wytze Visser, Willen Woudstra, Pieter Sjouke van der Veen, Erwin Westerhof en Lammert Kooistra (jeugdlieder). Hoefolle fan dizze mannen (famkes sitte der gek genôch net tusken) noch skake wit ik net. Wenje se noch by Dokkum om, as binne se oer de Sintrale As tein nei oarden der’t yn harren eagen mear takomst leit? Is der immen dy’t it wit? Hoe dan ek in moai stikje Fryske skaakskiednis. (En foar de minsken út Stienwyk en Emmeloard, tenei sil ik it wer gewoan yn it Hollânsk dwaan) h.j.dijkstra@planet.nlDamwoude jeugd 2jkstra@planet.nl